Ultsje Hosper, directeur van It Fryske Gea:
"Henk wie in hiel aimabel man, in bestjoerder yn ieren en sinnen. As foarsitter fan It Fryske Gea joech er in stim oan de natuer en it miljeu. Hij wie skerp en siet der boppe op. mar bliuw altyd beskieden. Hij joech de organisaasje alle romte.
Hornstra wie sûnder mear fernijend. Doe't er yn 1992 begûn wie dat ek wol nedich om It Fryske Gea goed oanfiere te kinnen. De feriening siet yn swier waar. Der is hij goed mei omgien. Hij hat it Gea nea foar ûnmooglike opdrachten steld. en nij bûten ta wie hij krêftich en gedegen. Hij hat doe folledich fertsjinne ek de Fryske Pers Priis krigen. troch de feriening op in solide wize del te setten.
Hornstra hie aksje fierd foar "streekcomité A", en dat hat er ek wûn. Dat risselltaat hat er bij It Fryske Gea fersulvere troch it bûtendyks gebiet oan te keapjen en der in duorsem natuergebied fan te meitsjen. Hij hat de oanset dêrta jûn, dat is syn grutte fertsjinste wurden.
Persoanlik wie Henk foaral in freon, dat seker. Ik koe him net foardat hij bij It Fryske Gea kaam, mar haw no dochs 23 jier mei him wurke. Dan wurde jo in tandem, in twa-ienheid."
Klaas Dankert, oud-burgemeester van het Bildt:
"Henk Hornstra waar 'n heel kundig, innimmend bestuurder, die't fooral 'n groat ferantwoordlikhydsgefoel had. Foor de gemeenskap as geheel, maar ok foor 't individu, foor mînsen die't in de knel satten. Je konnen altyd op 'm rekene. As wethouwer folgde Hornstra 'n dúdlike lijn. Hij houde d'r fan om op basis fan arguminten te diskussiëren. Deur syn deskundighyd en kinnis fan saken gong 'm dat altyd goed of.
Ik hew Hornstra ervaren as 'n Bilkert met de Bilkerts. Hij foelde 'm och soa op syn plak hier. 't Wad en de openhyd fan 't Bildtse landskap laai 'm na an 't hart. 't Waar meer dan 'n saaklike relasy. De wêrme persoanlikhyd fan de mîns Henk Hornstra brocht met 'm met dat 't ok 'n frynd worde. Ik herinner him met groate waardering. Ik hew 't 'n foorrecht fonnen om him jarenlang as kellega te hewwe, en ik hew bewondering foor syn bestuurlike kwaliteiten, 't Waar 'n fijn mîns."
Martin Rispens, leraar Nederlands csg Ulbe van Houten:
"Henk hat foaral de skouders setten ûnder it 'middenschool project'. In idealistysk projekt, wêryn bern yn al harren 'diversiteit' besjen kinne wat harren nivo is. Bern kamen trochinoar yn de klas, wat it adfys fan de basisskoalle of it risseltaat fan de cito-toets ek wie. Henk wie hjir de grutte oanjager fan, en it hat de Ulbe van Houtenskoalle foarme. De leste jierren wie syn ding it ynternasjonale projekt; útwikselings fan personiel en learlingen tusken de Ulbe en skoallen yn Litouwen.
Wat ik besûnder fyn is dat er, doe't hij direksjelid wie, noait ien kear misbrûk makke hat fan syn posysje as wethalder fan ûnderwiis. Hij hie twa petten op, mar is nea yn dy falkûle trape. Henk wie in waarme, humorfolle kollega dy't fan it libben hold. Hij wie helder yn betooch en hie altyd dúdlike arguminten. En it wie in tige weardefol en kundich bestjoerder. Do hiest in hiele goeie oan Henk."